Dizze webside befettet ynformaasje oer de betingsten, de prestaasje en it behear fan tsjinsten fan Tata Communications op it mêd fan triedleaze tagong ta breedbânynternet. De side is ornearre en help jo ynformearre karren te meitsjen by oankeap en gebrûk fan dizze tsjinsten.
Tata Communications leveret tsjinsten op it mêd fan breedbânynternet fia Wi-Fi hotspottsjinsten yn beskate automobylprodukten. Dizze tsjinsten biede klanten fan Tata Communications de mooglikheid fan it ferstjoeren en ûntfangen fan gegevens fan alle (of likernôch alle) punten op it ynternet hoenear´t se de gegevensnetwurken fan Tata Communications brûke, alsa ek de tsjinst foar triedleaze ferbining tusken it apparaat mei de simkaart en de gegevensnetwurken fan Tata Communications. De levere ynformaasje giet oer jo ûnderfining mei it brûken fan gegevensnetwurken fan Tata Communications en beskriuwt altemets net de betingsten, prestaasje of it management dy´t jo bygefal ûnderfine by it gebrûk fan netwurken mei útwreide dekking of by roaming op keppele netwurken dy´t net fan Tata Communications binne. Foar it goede begryp, de triedleaze ferbining tusken it apparaat mei de simkaart (automobyl, telefoan of likefolle hokfoar apparaat) en it netwurk fan ´e tsjinstferliener dy´t de triedleaze ferbining leveret, hat Tata Communications gjin kontrôle oer.
De betingsten en kondysjes fan Tata Communications, (rjochtlinen foar saken sa as tsjinstabonneminten dêrby ynbegrepen), prosedueren foar aktivearjen, gegevensgebrûk en besljochting fan skelen, en oare betingsten en kondysjes, kinne jo hjir besjen: https://move.tatacommunications.com/Terms-and-Conditions. As jo de tsjinst fan Tata Communications fia in tredde partij oantúgd hawwe, dogge jo der goed oan en sjoch de dokumintaasje fan dy tredde partij ek noch efkes troch, om´t dy dokumintaasje needsaaklike ynformaasje oer prizen en oare bysûnderheden ynhawwe kin.
De prestaasjeskaaimerken fan ´e tsjinst op it mêd fan tagong ta breedbânynternet dy´t fan Tata Communications levere wurdt, sille ôfhingje fan ´e prestaasjeskaaimerken fan twa ûnderskate netwurken.
Jo tsjinst op it mêd fan triedleaze ferbining tusken de auto en it triedleaze netwurk sil binnen de Europeeske Uny ûnder gewoane omstannichheden yn foarsjoen wurde fan in lokale leveransier fan triedleaze tsjinsten. Ynformaasje oer har netwurkprestaasje op it mêd fan tagong ta breedbânynternet en har hannelwizen en belied op it stik fan netwurkbehear kinne jo fine op har respektyflike websteeën. As jo graach ynformaasje hawwe wolle oer jo ûnderlizzende carrier, kinne jo it bêste kontakt opnimme mei it bedriuw dêr´t jo it apparaat oankocht hawwe, of mei Tata Communications fia de kontaktynformaasje yn ús Tsjinstbetingsten.
Dekking is net oeral beskikber, en snelheden en opkear kinne wakker fariearje troch faktoaren dy´t binnen likegoed as bûten de befieming fan Tata Communications lizze, sa as problemen mei it netwurk, sêftguod, sinjaalsterkens, jins triedleaze apparaat, bouwurken, gebouwen, waar, geografy, topografy ensfh. It is wichtich en nim de mooglikheden fan jo apparaat yn betinken, alsa ek de dekking fan it netwurk fan Tata Communications en de netwurktechnologyen fan Tata Communications, by it beänderjen fan de fraach oft de gegevenstsjinsten fan Tata Communications him foar jo eigenet. As werferkeaper rint Tata Communications der net mei te keap dat de triedleaze tsjinsten beskikber binne mei dy of dy snelheid of foar gebiet sus of sa. Om´t wy net advertearje mei of ús fêstlizze op in beskate snelheid, jouwe wy gjin algemiene ynformaasje oer minimum-, maksimum- of reële snelheden dy´t ús brûkers ta harren foldwaan hawwe. Foar oanfoljende ynformaasje oangeande jo spesifike minimum-, maksimum- en reële snelheden fan trochjefte, kinne jo altyd kontakt mei ús opnimme op de wizen dy´t beskreaun steane yn ús Tsjinstbetingsten.
Brûkers mei abonneminten mei in tawiisde hoemannichte gegevens kinne mindere snelheid ûnderfine foar de rest fan de gebrûksperioade nei´t se de har tastiene poarsje opbrûkt hawwe. Benammen ferbrûk dat mear as 20GB oer de mjitte giet, it gebrûk fan alle oansletten apparaten meirekkene, is fan dy gefolgen dat de snelheden fan trochjefte foar de doer fan ´e kalindermoanne redusearre wêze sille. It kin resultearje yn snelheden fan trochjefte fan kwealik 256 kpbs, as jo oer de mjitte geane, oant jo te brûken poarsje op ´en nij fan ´e streek giet. De mjitte foar de rest fan ´e kalindermoanne wurdt yn gefal fan in parsjele moanne yn it foar oanjûn. Dêr´t mear as ien applikaasje de ferbining brûkt, telle alle applikaasjes mei by it opbrûken fan ´e oan jo tawiisde hoemannichte gegevens yn ´e moanne. Om´t wy de netwurkferbining fan oare oanbieders werferkeapje, kinne wy jo net de beskikberens fan dy en dy snelheid op in spesifike lokaasje belove – sels net as de snelheid al mindere is om´t jo oer de oan jo tawiisde hoemannichte hinnegien binne.
Tata Communications berêdt syn netwurk mei it doel en leverje syn klanten de bêst mooglike ûnderfining as it giet om mobile tagong ta breedbânynternet. Wy brûke reedlike hannelwizen, dy´t oerienkomme mei de standerten yn ús bedriuwstûke, by it berêden fan it netwurk mei it each op beskerming fan it netwurk fan Tata Communications en it behear fan de levering fan tsjinsten op it mêd fan mobile breedbân. Om ferstopping foar te kommen, hifket Tata Communications syn algemiene netwurkprestaasje en ferheget de brûkberens troch kapasiteit ta te heakjen of oare oanpassingen yn it netwurk te dwaan dy´t de prestaasje ferbetterje. De mjitten fan earlik gebrûk (sa as hjirboppe beskreaun), njonken oare maatregels, helpe Tata Communications by it behearskjen fan ferstopping yn it belang fan it gânse klantebestân.