BESKERMING FAN JO PRIVACY – US DJOERE PLICHT
- TATA COMMUNICATIONS EN JO PRIVACY
- HOE´T JO KONTAKT MEI US LIZZE
- YNFORMAASJE DY´T WY OER JO SAMMELJE EN OP HOKKER WIZE WY DY SAMMELJE
- HOE BRUKE WY DE PERSOANSGEGEVENS DY´T WY SAMMELJE?
- WAT IS DE JUSTIFIKAASJE FOAR SOK GEBRUK?
- WANNEAR DIELE WY DE PERSOANLIKE GEGEVENS DY´T WY SAMMELJE
- YNTERNASJONALE TROCHJEFTE FAN PERSOANSGEGEVENS
- HOKKER RJOCHTEN HAW IK OANGEANDE MYN PERSOANSGEGEVENS?
- OANT HOELANG HALDE JO MYN PERSOANSGEGEVENS?
- FEILIGENS FAN GEGEVENS
- FEROARINGEN OAN DIT PROTOKOL
Tata Communications respektearret jo privacy en set him yn jo op in briefke te jaan dat alle passende maatregels ta beskerming fan jo persoansgegevens nommen binne. Wy besykje oan alle hjoeddeisk tapaslike wetjouwing te foldwaan oangeande de beskerming, feiligens en fertroulikens fan persoansgegevens. Wy beskriuwe yn dit Privacyprotokol (it “Protokol”) hoe´t wy persoansgegevens sammelje, brûke, iepenbierje en beskermje. Wy jouwe ek in oersicht fan de rjochten dy´t jo hawwe oangeande jo persoansgegevens dy´t by ús fêstlein binne. Dit Protokol hâldt ferbân mei jo persoansgegevens dy´t wy ferwurkje kinne troch de wei fan jo gebrûk fan de wifihotspot, autoferbining en/of (e-)simtsjinsten yn jo Jaguar Land Rover ("JLR")-wein (de "Tjsinsten").
Dit Protokol wurdt yn in saneamd layered format (yndieling mei ferskate lagen) levere, sa dat jo nei de spesifike, foar jo meast ynteressante passaazjes, dy´t hjirûnder útienset wurde, trochklikke kinne.
- TATA COMMUNICATIONS EN JO PRIVACY
- Beskerming fan jo privacy is tige wichtich foar ús en is in ferantwurdlikens dy´t wy wakker earnstich behannelje.
- Wa binne wy? Tata Communications (Netherlands) B.V. is de bewâldfierder (yn it Nederlânsk: de verwerkingsverantwoordelijke) fan en ferantwurdlik foar de Tsjinsten. Ferwizingen nei "wy" of "ús" in dit Protokol referearje oan dizze ûndernimming dy´t ferantwurdlik is foar it ferwurkjen, sammeljen en opslaan fan jo persoansgegevens.
- Addisjonele ynformaasje oer ús hannelwizen op it mêd fan persoansgegevens kin levere wurde yn kontraktuele oerienkomsten, oanfoljende privacyferklearringen of oankundigingen dy´t jo foartiid al of by it fergearjen fan jo persoansgegevens skaft wurde.
- Jo gebrûk fan ús Tsjinsten, en iennich skeel oer privacy, is ûnderwurpen oan dit Protokol, ús tsjinstbetingsten(dy´t troch de wei fan ferwizing diel útmeitsje fan dit Protokol) en in eventueel kontrakt foar tsjinsten tusken jo en ús of likefolle wa´t jo mar tagong jout ta ús Tsjinsten.
- HOE´T JO KONTAKT MEI US LIZZE
Jo kinne ús selsbetsjinningsportal, dat hjir. beskikber is, brûke foar alle mooglike fragen oer dit Protokol en ús hannelwizen op it stik fan beskerming fan persoansgegevens, of foar it jilde litten fan eventuele rjochten dy´t jo ûnder tapaslike wetjouwing hawwe. Us postadres foar eventuele fragen is:
Tata Communications (UK) Limited
Legal Compliance – Data Protection and Privacy
Vintners Place
68 Upper Thames Street
London, EC4V3BJ
Ferienigd Keninkryk
Wat Dútslân, Singapoer en Yndia oangiet, kinne jo jo yn ferbining stelle mei ús funksjonaris foar gegevensbeskerming (Data Protection Officer, "DPO") troch ús DPO-kontaktformulier te brûken, dat hjir beskikber is.
- YNFORMAASJE DY´T WY OER JO SAMMELJE EN OP HOKKER WIZE WY DY SAMMELJE
- Wy kinne ferskate soarten persoansgegevens sammelje of fan JLR ûntfange, dy´t op jo gebrûk fan ús Tsjinsten basearre binne. It folgjende is in oersicht fan de ynformaasjekategoryen dy´t wy sammelje of ûntfange kinne:
- Klanteynformaasje:
- Kontaktynformaasje dy´t ús by steat stelt mei jo te kommunisearjen. Wy krije dizze ynformaasje wannear´t jo ien fan ús Tsjinsten oanfreegje of jo dêrfoar oanmelde. Wy sammelje of ûntfange ynformaasje fan jo hoenear´t jo jo foar ús Tsjinsten oanmelde, online in account oanmeitsje, in oankeap dogge, om bysûnderheden freegje of om in telefoantsje werom, in fersyk om technyske, klante- of faktuerstipe, meidwaan oan in priisfraach of enkête, ús feedback jouwe of op in oare wize kontakt mei ús sykje. It soarte ynformaasje dat wy sammelje hinget ôf fan jo ynteraksje mei ús of JLR, bygelyks: jo namme, adres, telefoannûmer (saaklik of privee), e-mailadres, post-/faktueradres (saaklik of hûs-), bertedei, apparaat-/auto-identifikaasjenûmer, begjintiid fan ´e tsjinst en wit hokfoar oare ynformaasje sa as identiteitsbewiis of tahâld. Oft wy in kontrakt mei jo oangeane, hinget ôf fan jo trochjefte fan sokke gegevens.
- Ynformaasje oer faktueren dat jo kommersjele en finansjele relaasje oangiet, sa as de tsjinsten dy´t wy jo leverje, de telefoannûmers dy´t jo skilje en tekste, jo ynternetgebrûk, tiidstimpels of oare metadata oer jo gebrûk fan ús tsjinst, jo ferline as debiteur, jo creditcardnûmers, boargerservicenûmer (mits by wet tastien), befeiligingskoades en jo tsjinstferline.
- Technyske & Gebrûksynformaasje yn relaasje ta de Tsjinsten dy´t wy jo leverje, mei ynbegryp fan ynformaasje oer op hokker wize jo gebrûk fan ús Tsjinsten meitsje. Guon foarbylden hjirfan binne:
- Apparatuergegevens: Ynformaasje dy´t de apparatuer dy´t jo brûke of dêr´t jo interaksje mei hawwe, oanbelanget en identifisearret. Ynformaasje kin gegevens omfetsje sa as apparatuertype, apparaat-ID´s, status fan in apparaat, serynûmers, ynstellingen, konfiguraasje en sêftguodtype.
- Netwurkprestaasje & -gebrûk: Ynformaasje oer de wurking fan de apparatuer, tsjinsten en tapassingen dy´t jo op ús netwurken brûke. Bygelyks: lokaasje fan it triedleaze apparaat (út redenen fan roaming) en type; wêr oft in needoprop of in fersyk om help út reden fan maleur weikomt en hinnegiet, alsa ek: de hoemannichste en tiid fan ´e dei, de doer en de kosten, it tal minuten, skillisten, brûkte bânbreedte. Wy sammelje ek ynformaasje sa as trochjeftesnelheden en fertragingen, gegevens dy´t te krijen hawwe mei eksterne beweitsingstsjinsten en karakteristiken fan befeiliging, en ynformaasje oer jo gebrûk fan ús tsjinsten op it mêd fan it saneamde interconnected voice over internet protocol (VoIP), dêrby ynbegrepen tsjinsten dy´t offline oanskaft binne.
- Wy kinne de hjirboppe neamde persoansgegevens sammelje wylst wy Tsjinsten leverje, oan jo of in oar dy´t jo tagong ta ús Tsjinsten skaft hat. Wy kinne dizze ynformaasje op ferskate wizen dieleftich wurde, bygelyks:
- streekrjocht fan jo: bygelyks, wannear´t jo ús jo bysûnderheden jouwe by jo abonnearjen op ús Tsjinsten of kontakt mei ús opnimme mei in technyske fraach;
- automatysk: wannear´t persoanlike gegevens generearre wurde wilens jo ús Tsjinsten brûke;
- út boarnen fan tredden: bytiden sammelje wy de hjirboppe neamde kategoryen fan persoansgegevens fan fertroude tredden, yn ferbining mei Tsjinsten dy´t wy jo leverje of foarstelle oan jo te leverjen, wêr´t dit foechsum is en foarsafier´t wy in rjochtfeardige grûn hawwe en doch soks. Hjirûnder falle, bygelyks: JLR as jo autofabrikant, KYC/fraudeprevinsje agintskippen , bedriuwengidsen, kredytkontrôle en KYC-referinsje-/kontrôle-agintskippen en besibbe netwurkleveransiers.
- HOE BRUKE WY DE PERSOANSGEGEVENS DY´T WY SAMMELJE?
- Wy sette hjirûnder in stikmannich wizen fan persoanlike gegevensferwurking útien:
- It jo tagong skaffen ta de Tsjinsten: Behanneljen fan jo oanfraach en fêststellen fan jo geskiktens foar it krijen fan tagong ta ús Tsjinsten. Dit hâldt yn: ûndernimmen fan aksje tsjin yllegale aktiviteiten, KYC/fraude, bedrigingen fan ús eigendommen of personiel en skeiningen fan ús Tsjinstbetingsten en/of tapaslike wetjouwing alsa ek foldwaan oan ús wetlike en regelmjittige ferplichtingen.
- It jo leverjen fan de oanfrege Tsjinsten: Dit komt del op: mei jo kommunisearjen en jo foarsjen fan de Tsjinsten dêr´t jo om frege hawwe.
- It behear fan accounts en it jo helpen by it behear fan jo account: Dit hâldt yn: it mei jo kommunisearjen oer jo gebrûk fan ús Tsjinsten, jo fragen beänderjen, leverjen fan alle ynformaasje dêr´t jo om freegje, omtinken jaan oan tickets foar technyske stipe en leverjen fan klanteservice.
- It ferwurkjen fan betellingen & rekkens: It ynkassearjen en ferwurkjen fan betellingen, sa as it yn aksje kommen tsjin aktiviteiten dy´t net troch de mesken kinne (bgl. fraude) en foldwaan oan ús wetlike en regelmjittige ferplichtingen.
- It beskermjen fan ´e yntegriteit fan ús netwurk: It noed stean fan ´e feiligens, beskermjen fan jo persoanlike gegevens tsjin ferlies, skeining, dieverij of net-autorisearre tagong, foarkommen fan misdie en fraude, oankleien fan misdiedigers en beskermjen fan nasjonale feiligens.
- It behear fan ús netwurk: It berêden fan ús netwurk en jo gebrûk fan ús netwurk. Dit komt del op it berêden fan de gegevensstreamen dy´t troch ús netwurk rinne en garandearjen dat wy jo Tsjinsten fan de alderbêste kwaliteit ferskaffe.
- Undersyk en ûntjouwingen fan ús Tsjinsten: It ferbetterjen fan ús (en fan dielnimmende tredde partner) Tsjinsten en generearjen fan nije mei help fan statistiken oer it gebrûk fan ús Tsjinsten.
- Aktiviteiten dy´t oan Marketing besibbe binne: It stjoeren fan ynformaasje oer ús Tsjinsten, behalven as jo oanjûn hawwe dêr gjin priis op te stellen. Om´t wy holden binne en krij jo tastimming foar dizze aktiviteiten, hawwe jo it rjocht op alle stuiten jo tastimming yn te lûken troch kontakt mei ús te lizzen neffens de bysûnderheden dy´t yn dit Protokol útienset binne.
- It neilibjen fan ´e wetlike foarskriften: It sammeljen en bewarjen fan gegevens oer jo dy´t de tapaslike wetjouwing fereasket, bygelyks identifikaasjegegevens.
- It beänderjen fan fersiken fan relevante autoriteiten en regelmjittige easken: Wy kinne jo persoansgegevens brûke foar it beänderjen fan fersiken fanwegen wetstsjinners of oare publyksautoriteiten. Dit kin betsjutte dat wy jo kontaktbysûnderheden en/of ynformaasje oer jo gebrûk fan ús Tsjinsten oan sokke autoriteiten beskikber stelle moatte of jo gebrûk fan ús Tsjinsten blokkearje of ûnderskeppe moatte, of yngripe yn jo gebrûk fan de Tsjinsten en de persoansgegevens dy´t troch it gebrûk ferkrige binne.
- WAT IS DE JUSTIFIKAASJE FOAR SOK GEBRUK?
- Yn ´e EU, us justifikaasje (of wetlike basis) foar ferwurking fan jo persoansgegevens fariearretôfhinklik fan de ynformaasje sels, ús relaasje mei it subjekt fan de persoansgegevens, de Tsjinst dy´t levere wurdt, de spesifike wetlike en regelmjittige easken fan it lân dêr´t de Tsjinsten levere of de persoansgegevens ferwurke wurde, en folle net genôch. Underwurpen oan modifikaasjes yn spesifike lannen, binne de wetlike bases foar it ferwurkjen as folget:
- Om mei jo, providers en bedriuwsmjittige partners transaksjes oan te gean, mei jo te kommunisearjen en betellingen te ferwurkjen en jo tagong ta de Tsjinsten te jaan, moatte wy ynformaasje oer jo ferwurkje safolle as nedich is foar it oangean fan in kontrakt mei jo of it jaan fan ynfolling dêroan.
- Wy ferwurkje persoansgegevens foar aktiviteiten op it mêd fan marketing en ferkeap, basearre op jo tastimming foarsafier nedich en sa oanjûn op us websteeën of op it stuit dat wy jo persoansgegevens sammelje, of foar it helpen fan ús legitime belang foar it marketen en promoten fan ús produkten en tsjinsten, of ferbetterjen dêrfan.
- Wy fertrouwe op ús legitime belangen foar it ferwurkjen fan ynformaasje mei as doel it analysearjen, ûntwikkeljen, ferbetterjen en optimalisearjen fan ús Tsjinsten, en foar it yn stân hâlden fan de feiligens en yntegriteit fan ús netwurk en systemen. Wy hawwe ek in legitym belang as it giet om it brûken fan jo persoansgegevens mei it each op wetlike claims, neilibjen, regelmjittige en ûndersyksdoelen, wêr’t dit nedich is.
- Om´t tapaslike wetten (ynklusyf wetten foar telekommunikaasje), regeljouwing of it publike belang dat fan ús fergje, sa as foldwaan oan wetlike prosessen, wetstsjinners of regelmjittige autoriteiten of helpe bij de previnsje, opspoaring of rjochtsferfolging fan misdie.
- As jo iennige ynformaasje tebekhâlde dy´t frege wurdt, kin it wêze dat wy jo beskate tsjinsten of funksjonaliteit net leverje kinne.
- Fertrouwende op ús legitime belangen: Hawwe wy balânstesten ôflein foar alle gegevensferwurking dy´t wy dogge op basis fan ús legitime belangen, dy´t wy hjirboppe útlein hawwe. Jo kinne ynformaasje krije oer likefolle hokfoar balânstest troch kontakt op te nimmen fia de bysûnderheden dy´t yn dit Protokol beskreaun steane.
- Us justifikaasje foar ferwurking fan jo persoanlike gegevens sil yn alle oare lannen (behalven yn de EU of yn jurisdiksjes dêr´t gelikense EU-eftige easken bestean) basearre wêze op jo tastimming en akseptaasje fan de Tsjinstbetingsten (Terms of Service) en dit Protokol.
- WANNEAR DIELE WY DE PERSOANLIKE GEGEVENS DY´T WY SAMMELJE
- Underwurpen oan it ferkrijen fan jo tastimming dy´t yn guon jurisdiksjes ferplichte is, meie wy jo persoansgegevens diele en bekend meitsje foar de tapassingen dy´t hjirboppe beskreaun steane en hjirûnder fierder útwurke wurde:
- Filialen. Wy meie de ynformaasje dy´t wy oer jo sammelje bekend meitsje oan ús filialen. Dêr´t soks by wet tastien is en mei jo tastimming dêr´t soks fereaske is, meie ús filialen jo ynformaasje brûke foar de tapassingen dy´t yn dit dokumint beskreaun steane, dêrby ynbegrepen marketing fan har produkten en tsjinsten by jo. Us filialen folgje hannelwizen by de ferwurking fan jo persoansgegevens, dy´t op syn minst sa beskermjend binne as dy´t yn dit Protokol beskreaun steane. In list fan ús filialen is hjir beskikber.
- Yntegraasje fan ús tsjinsten. Us Tsjinsten wurde levere troch JLR. Dêrom is it nedich dat wy jo persoansgegevens mei har diele sa dat se ús helpe kinne mei it jo leverjen fan de Tsjinsten. Om jo de Tsjinsten te leverjen, kin it wêze dat wy jo persoansgegevens ek diele mei bedriuwen dy´t systeemyntegraasje fersoargje, JLR-winkellju en/of netwurkpartners.
- Tredde partij-tsjinstferlieners. Wy skeakelje oare bedriuwen en lju yn foar de útfiering fan taken dy´t fereaske binne foar it leverjen fan de Tsjinsten of foar tapassingen sa as hjirboppe beskreaun. Bygelyks: ferstjoeren fan ynformaasje, ferwurkjen fan betellingen, beoardieljen fan risiko’s fan kredyt en net-neikommen by it jo tagong jaan ta ús Tsjinsten, analysearjen fan gegevens, útfiering jaan oan pr-management, en ynhieren fan netwurkpartners, oannimmers of aginten, dy´t taken foar ús útfiere. Dizze tredden omfieme oare carriers of providers, dêr´t wy byneed persoansgegevems oan bekend meitsje kinne foar it leverjen fan ús tsjinsten of foar it ynskewielen fan jo fersiken of oanfragen, ynwilligjen fan tsjinsten/bestellingen, dwaan fan betellingen, en folle net genôch. Dizze tredde partij-tsjinstferlieners hawwe tagong ta jo persoansgegevens foarsafier´t dy nedich binne by de útfiering fan har taken, mar net foar oare doelen dêr´t se jo persoansgegevens brûke út namme fan ús. Alle kearen dat wy persoansgegevens mei tredden diele, nimme wy maatregels en garandearje dat kontrakten mei dy tredden passende beskerming foar jo persoansgegevens biede.
- Oernimmen fan ûndernimming. As wy oernommen wurde troch of fusearje mei in oare ûndernimming, of as likernôch al ús besittingen oergean op in oare ûndernimming (wat foarfalle kin as ûnderdiel fan prosedueren by bankerotslaan), kin it wêze dat wy jo persoansgegevens oan de oare ûndernimming trochdwaan. It kin ek safier komme dat wy jo persoansgegevens al foar sa´n eventuele oername of fúzje oerlangje moatte, bygelyks oan ús adviseurs en in mooglike adviseur fan de oernimmende partij.
- Wetlike beskerming en yn antwurd op rjochtsproses.It kin wêze dat wy de fan jo krige ynformaasje oerlangje moatte (i) mei´t wy oan tapaslike wetjouwing, rjochtsprosedueren, rjochterlik befel of oare wetlike easken foldogge of (ii) as wy mei betrouwen it gefoel hawwe dat oerlangen nedich is foar it beskermjen fan ús rjochten, jo feiligens of de feiligens fan oaren, it ûndersykjen fan fraude of it foldwaan oan fersiken fan it regear, ynklusyf autoriteiten fan in útlânsk regear, mei it each op nasjonale feiligens en/of hanthavenjen fan rjocht. Sa as hjirboppe al oanjûn is, kinne de fan jo ferkrige persoansgegevens dield wurde mei autoriteiten fan it regear of rjochtstsjinners foar de doelen hjirboppe, as wy, mei betrouwen, it gefoel hawwe dat wy dêrta ferplichte binne, as oertsjûgjende redenen fan publyk belang ús dêrta twinge of as soks nedich is foar de wetlike beskerming fan ús reputaasje of kommersjele, finansjele, rjochts- of oare legitime belangen neffens de tapaslike wetjouwing.
- Dielen fan aggregearre en net-identifisearbere ynformaasje. Wy kinne jo persoansgegevens brûke foar it gearstallen fan aggregearre en anonimisearre ynformaasje dy´t wy diele mei tredden. Gjinien kin jo identifisearje op grûn fan dy anonimisearre ynformaasje. Yn oare situaasjes kinne wy jo persoansgegevens pseudonimisearje foar´t wy har diele mei in tredde op sa´n wize dat wy de ynformaasje wer oan jo keppelje kinne, nei´t it ferwurke en weromstjoerd is. Wylst de oare partij net by steat wêze sil en bring jo yn ferbân mei de pseudonimisearre ynformaasje, kinne wy dat noch al. Wy behannelje pseudonimisearre gegevens oft it persoanlike gegevens binne, en garandearje itselde beskermingsnivo hoenear´t wy har mei tredden diele.
- Allinnich foar relevante jurisdiksjes (bgl. Japan of Sjina): jo ferklearje jo by dizzen akkoart mei it dielen fan jo gegevens troch ús mei de tredde partijen of kategoryen fan ûnder dit punt neamde tredde partijen.
- YNTERNASJONALE TROCHJEFTE FAN PERSOANSGEGEVENS
- Underwurpen oan it ferkrijen fan jo tastimming dy´t yn guon jurisdiksjes ferplichte is, kin Tata Communications persoansgegevens trochjaan oer nasjonale grinzen hinne. Jo persoansgegevens kinne sadwaande trochdien wurde oan en ferwurke wurde troch oare entiteiten fan Tata Communications en/of net-besibbe tredden.
- Alle entiteiten fan Tata Communications hawwe mei-inoar in oerienkomst ûnderskreaun dy´t op trochjefte fan persoansgegevens binnen of bûten de EU fan tapassing is, en ek op jurisdiksjes dy´t der net in foldwaande heech beskermingsnivo op nei hâlde neffens de tapaslike wetjouwing. In list fan ús filialen en harren lokaasje is hjir beskikber.Dizze oerienkomst is basearre op de standertkontraktfoarskriften fan de EU-kommisje (en dy´t dêrom kontraktueel in standert oplizze foar de beskerming fan persoansgegevens dy´t gelikens is oan dy´t binnen de EU oanbean wurdt). Wy garandearje alsa dat der adekwate proteksjes yn stelling brocht binne foar de feiligens fan jo persoansgegevens hoenear´t wy dy oan ien fan ús filialen trochdogge, allike folle wêr´t se yn ´e wrâld fêstige binne. Jo kinne in kopy fan dizze foarskriften krije troch kontakt mei ús op te nimmen.
- Wannear´t wy jo persoansgegevens diele mei tredden dy´t net besibbe binne oan de Tata Communications Groep, easkje wy fan al dy tredden dat se de feiligens fan dy persoansgegevens respektearje en har behannelje neffens tapaslike wetjouwing op it mêd fan gegevensbeskerming. [Allinnich foar Yndia: We garandearje ek dat tredden har op syn minst oan itselde beskermingsnivo hâlde dat fan ús oanjûn wurdt.]
- Dêr´t wy tredde tsjinstferlieners ynhiere foar it ferwurkjen fan jo persoansgegevens út namme fan ús, steane wy har net ta om dy foar har eigen plannen te brûken, en sizze wy allinnich goed dat se dy neffens ús spesifisearre bedoelingen brûke en neffens ús ynstruksjes. Wannear´t wy sokke relaasjes op it stik fan ferwurking oangean, sjogge wy derop ta, dat adekwate waarboargen foar jo persoansgegevens ynboud binne troch foar jo persoansgegevens it meganisme te brûken dat it meast eigene is foar it trochjaan fan persoansgegevens en foar de lannen dêr´t de persoansgegevens yn (of nei ta) ferstjoerd wurde. Dêr´t soks by wet tastien is kin dit meganisme omfieme: it brûken fan de troch de EU goedseine kontraktuele foarskriften; ús derfan fersekerjende dat de ûntfanger de troch de EU goedkarde Binding Corporate Rules op it stik fan it oerdragen fan persoansgegevens ymplementearre hat; of (yn de FS) Privacy Shield Sertifisearre is (EU en Switsersk Privacy Shield); of befêstigjend dat het lân dêr´t de ûntfanger fêstige is, offisjeel troch de EU ûnderkend is as ien dy´t adekwate beskerming biedt op it mêd fan persoansgegevens.
- Allinnich foar relevante jurisdiksjes (bgl. Meksiko, Ruslân, Sjina en Argentynje): Troch de Tsjinsten te brûken ferklearje jo jo útdruklik akkoart mei de trochjefte fan persoansgegevens oan oare lannen dêr´t jo ornaris tastimming foar jaan moatte.
- HOKKER RJOCHTEN HAW IK OANGEANDE MYN PERSOANSGEGEVENS?
- Neffens de wetjouwing yn wittefolle lannen, ha jo beskate rjochten oangeande jo persoansgegevems dy´t wy yn behear hawwe; en wy respektearje en slaan regaad op dy rjochten. Sokke rjochten omfieme bygelyks it rjocht om: ús te freegjen te befêstigjen dat wy jo persoansgegevens verwurkje, ús te fersykjen om in kopy fan jo persoansgegevens (ynklusyf ynformaasje oer wa´t wy jo gegevens mei diele); de verwurking fan jo persoansgegevens te korrizjearjen, fuort te smiten of te beheinen (op te hâlden mei iennige aktive verwurking dêrfan); en in grins te stellen oan it gebrûk en trochjefte fan jo persoansgegevens; jo persoanlike data oer te langen oan (mei te nimmen nei) in oarenien, sa as in oare tsjinstferliener op it stik fan telekommunikaasje (dêr´t dit rjocht ynbegrepen is yn tapaslike wetjouwing).
- Dêrta, kinne jo yn guon lannen kapsje meitsje op it verwurkjen fan jo persoansgegevens yn beskate situaasjes (spesjaal as de gegevens dy´t wy verwurkje net nedich binne foar it foldwaan oan in kontraktuele ferplichting of oare wetlike eask, of as se brûkt wurde foar direct marketing). Wêr tapasber, kinne jo de tastimming dy´t jo ús jûn hawwe foar it verurkjen fan jo persoansgegevens wer ynlûke en ynformaasje freegje oer de konsekwinsjes fan it net-jaan fan sokke tastimming.
- Dizze rjochten kinne beheind wêze, bygelyks as foldwaan oan jo fersyk persoanlike ynformaasje fan in oare persoan oan it ljocht bringe soe, dêr´t se ynbreuk meitsje soene op ´e rjochten fan in tredde partij (ynklusyf ús rjochten) of as jo ús freegje ynformaasje fuort te smiten dy´t wy by wet ferplichte binne te bewarjen of dêr´t wy twingende, legitime redenen by hawwe dy te bewarjen.
- Foar it útoefenjen fan dizze rjochten, it úterjen fan besoarch oer ús hannelwizen oangeande privacy, of it ferkrijen fan ynformaasje, kinne jo kontakt mei ús sykje (sjoch ús kontaktbysûnderheden hjirboppe). Allinnich foar Austraalje: Wy sille jo berjocht skôgje en sille jo binnen 30 dagen nei ûntfangst fan jo berjocht antwurdzje.
- As jo fragen hawwe dy´t net beändere binne, kinne jo it rjocht om te kleien útoefenje by de Autoriteit Persoonsgegevens (AP). Mar sykje foaral en beleaven foartiids kontakt mei ús, foar´t jo sa´n klacht yntsjinje, om´t wy earst graach sels yn ´e talis komme soene jo besoarch te ûndersykjen en sa mooglik wei te nimmen.
- OANT HOELANG HALDE JO MYN PERSOANSGEGEVENS?
- Wy hâlde persoansgegevens fêst salang´t wy dêr by wet, reglemint, belesting- of boekhâldpraktiken, of de terminen fan troch it regear útfeardige telecomfergunningen dêr´t wy ta holden binne, ta berjochtige binne, en net in dei langer. Wy sille persoansgegevens fuortsmite of anonimisearje neffens alle ferplichtingen dêr´t wy oan foldwaan moatte.
- Dêr´t maksimum- of minimumtiidrekken foar it bewarjen fan gegevens net oars stipulearre binne, kedize wy oer in passende bewartermyn foar de persoansgegevens troch regaad te slaan op: de hoemannichte, it aard en de gefoeligens fan de persoansgegevens dy´t yn de databases opslein binne; it potensjele risiko fan skea troch net-autorisearre gebrûk of iepenbier wurden fan persoansgegevens; de bedoelingen dêr´t wy de persoansgegevens om verwurkje en oft wy dy doelen fia oare middels berikke kinne.
- Allinnich foar Sjina:jo persoansgegevens kinne opslein wurdeyn lannen dêr´t wy persoansgegevens oan oerlangje neffens klausule 7 hjirboppe.
- FEILIGENS FAN GEGEVENS
- Wy sille reedlikerwize alle writen dwaan en hanthavenje de feiligens fan al jo persoansgegevens, mei beskerming fan sokke persoansgegevens tsjin misbrûk, ynterferinsje en ferlies, en tsjin net-autorisearre sammeljen, kopiearjen, tagong, modifikaasje of iepenbiering.
- Wy hawwe reedlike kontrôles (mei ynbegryp fan fysike, technologyske en administrative maatregels) yn stelling brocht dy´t ûntwurpen binne en help de persoansgegevens warjen dy´t wy fia de sites sammelje. Gjin inkelde maatregel lykwols is perfekt en wy kinne jo alsa net assurearje dat persoansgegevens dy´t wy sammelje, nea ynkrongen wurde sille of brûkt op in net-autorisearre wize, itjinge ûnder omstannichheden barre kin dy´t reedlikerwize bûten ús befieming lizze. Wy hawwe prosedueren yn stelling brocht dy´t ôfweevje mei in fertochte ynbreuk op persoansgegevens, en wy sille jo en in eventueel belutsen regeljouwer kundskip dwaan fan in ynbreuk as wy dêr wetlik ta ferplichte binne.
- De maatregels dy´t wy yn stelling brocht hawwe ta beskerming fan jo persoansgegevens binne de folgjende:
- Fysike maatregels, bygelyks: beheinde tagong ta kompjûtersintra en fasiliteiten foar opslach fan gegevens;
- Administrative maatregels, bygelyks: útfiering fan in yntern plan foar befeiliging fan gegevens en periodike trainingssesjes foar it personiel;
- Technologyske maatregels, bygelyks: tafersjuch op tagong ta it ferwurkingssysteem fan persoansgegevens en ynstallaasje fan in systeem foar tangongskontrôle, en befeiligingsprogramma´s;
- Alle tagong ta komponenten fan it systeem en ta persoansgegevens moat him beheine ta dy yndividuën dy´t harren wurk it is;
- Tagongsrjochten foar yndividuele brûkers moatte har beheine ta wat op syn minst nedich is foar it útfieren fan ´e taak; Hja moatte grûndearre wêze op klassifikaasje fan taak en funksje;
- Alle tagongsprivileezjes moatte fan autorisearre partijen goedkard wurde, dy´t de fereaske privileezjes spesifisearje moatte foar´t tagong tastien wurdt; en
- Alle brûkers moatte in unike identifikaasje tawiisd krije foar´t har tagong ta systeemkomponenten, persoansgegevens of oare gefoelige gegevens tastien wurdt. Dêrta, alle brûkers moatte verifiearre wurde, troch op syn minst in wachtwurd.
- FEROARINGEN OAN DIT PROTOKOL
Om der wis fan te wêzen dat jo altyd anneks binne mei hoe´t wy jo persoansgegevens brûke, sille wy de online-ferzje fan dit Protokol fan en ta aktualisearje meidat har wizigingen foardogge yn ús gebrûk fan jo persoansgegevens. Wy kinne ek wizigingen oanbringe en dêrmei foldwaan oan feroaringen yn tapaslike wetjouwing of regelmjittige easken. Wêr reedlikerwize mooglik, sille wy jo yn it foar kundskip dwaan fan feroaringen dy´t foar jo fan essinsjeel belang binne, sa as troch it pleatsen fan in notysje op ús websteeën of it jo stjoeren fan in boadskip. Foarsafier´t soks by wet fereaske is, sille wy jo tastimming freegje foar´t wy sokke wizigingen ymplemintearje. Wy befelje jo lykwols oan en blêdzje dit Protokol altemets troch sa dat jo op ´e hichte bliuwe fan eventuele feroaringen yn hoe´t wy jo persoansgegevens brûke.