TATA COMMUNICATIONS (NETHERLANDS) B.V. | WiFi-Hotspot Tsjinstbetingsten

De betingsten hjirûnder likegoed as it Protokol foar in Earlik Gebrûk (Acceptable Use Policy, ek wol ‘Fair Usage Policy’ neamd), it Protokol foar Privacy (Privacy Policy) en it Protokol foar Netwurkbehear (Network Management Policy) dy´t hjirûnder oantsjut wurde, foarmje mei-inoar de betingsten en kondysjes (“Betingsten”) wêrûnder Tata Communications (Netherlands) B.V., dy´t syn registrearre kantoar hat yn Luna Arena, Herikerbergweg 238, 1101 CM Amsterdam, Nederlân, en/of syn dochterûndernimmingen of besibbe leveransiers dy´t Tata Communications kontraktearre hat (“Tata Communications”, “TCwy”, “ús” of “uzes”) in registrearre brûker (“jo” of “jowes”) fan tsjinsten foar triedleaze tagong ta ynternet (“de Tsjinst”) foarsjocht. Jo gebrûk fan de Tsjinst is altyd ûnderwurpen oan dizze Betingsten.

  1. DE TSJINST
    1. De Tsjinst foarsjocht yn ferbining tusken jo apparatuer en it ynternet. TC biedt jo de Tsjinst oan en foarsjocht net yn de ûnderlizzende interface of it apparaat dat brûkt wurdt foar tagong ta de ferbining. 
    2. Jo binne bûn oan dizze Betingsten en jo wurde achte dizze Betingsten oanfurdige te hawwen fan it stuit ôf (i) dat jo dizze Betingsten online akseptearje troch op de opsje ‘Click/Accept’ te klikken; (ii) dat jo dizze Betingsten akseptearje troch in e-hantekening. Jo akseptaasje fan dizze Betingsten foarmet in oerienkomst tusken jo en TC. 
    3. De Tsjinst jout, om krekt te gean, de apparatuer tagong ta it publike ynternet. TC foarsjocht allinnich yn de Tsjinst, net de apparatuer.
  2. GEBRUK FAN DE TSJINST
    1. Jo moatte jo mei rjochte en sljochte ynformaasje oanmelde om de Tsjinst te brûken. Jo steane derfoar dat jo profylgegevens en oare trochdiene ynformaasje krekt binne. Jo sille TC op ´e hichte hâlde fan iennige feroaring fan dizze gegevens sûnder ûnnedich útstel. Jo geane der mei akkoart dat jo mei gjinien ynlochbysûnderheden diele sille, útsein wat tastien is yn it Protokol foar in Earlik Gebrûken dêryn beskreaun stiet. Jo moatte it Protokol foar in Earlik Gebrûk útprinte of bewarje. In kopy hjirfan is te finen is op  https://www.tatacommunications.com/policies/acceptable-use/. Dit Protokol kin op alle stuiten feroare wurde. De wizige betingsten fan it Protokol foar in Earlik Gebrûk sille automatysk tapaslik wêze op de Tsjinst, útsein yn ´e gefallen hjirûnder beskreaun. Tynge fan in wiziging wurdt allinnich dien as it oer wêzentlike wizigingen giet. Troch fuort te gean mei it brûken fan de Tsjinsten nei´t TC jo tynge dien hat fan sokke wizigingen, wurde jo achte de wizige Betingsten oanfeardige te hawwen. 
    2. TC is net ferantwurdlik foar iennige problemen mei jo apparatuer dy´t jo gebrûk fan de Tsjinst beheine of behinderje.
    3. TC sil mei al syn krêft en kinnen de Tsjinst besykje te leverjen, hoewol´t de Tsjinst bytiden net beskikber wêze kin út oarsaken dêr´t TC net oanspraaklik foar steld wurde kin, ynfloeden fan bûten ôf dêrby ynbegrepen. 
    4. De Tsjinst kin ûnderwurpen wêze oan ynhâldsfilters dy´t beskate websteeën blokkearje. Apparaatfilters kinne by wet foarskreaun wêze en ôfhinklik fan jo geografyske lokaasje fariearje. 
    5. Hoewol TC filters op beskate websteeën tapasse kin, is it jo ferantwurdlikheid om jo te ûnthâlden fan tagong ta iennich yllegaal, misledigjend, misbrûk meitsjend, ûnfatsoenlik, obseen of gefaar foarmjend materiaal. Mocht TC gewaarwurde dat jo jo tagong ferskaft hawwe ta yllegale ynhâld (content), dan behâldt TC him it rjocht foar en behein, begrinzgje of beëinigje jo tagong ta de Tsjinst. 
    6. TC kin nei eigen goedtinken de snelheden fan gegevenstrochjefte fan klanten redusearje likefolle wêr of wannear, as jo gegevensgebrûk oer ´e mjitte giet fan in jildige, fêststelde gebrûkshoemannichte yn in spesifike perioade. As it om ´e wet moat, sil TC jo yn it foar op passende wize de gebrûksmjitte (of feroaringen dêryn) dy´t foar de Tsjinsten jildt, te witten dwaan. In kopy fan ús hjoeddeiske Protokol foar Netwurkbehear kinne jo fine op web link.
    7. Jo snelheid fan trochjefte kin ek fermindere wurde troch TC syn ûnderlizzende provider, nei eigen ynsjoch, foarsafier fan tapassing. TC is der net ta holden jo yn sokke gefallen yn it foar tynge te dwaan fan sa´n beheining.
    8. Hoenear´t jo de Tsjinst brûke, kinne jo ynhâld (content) tsjinkomme dy´t jo altemets misledigjend, beswierlik, obseen, bedriigjend of skealik fine. TC hat gjin kontrôle oer de ynhâld dy´t beskikber komt by gebrûk fan de Tsjinst. It komt foar jo sels op fêst te stellen hokfoar websteeën tagonklik binne by gebrûk fan de Tsjinst. 
    9. TC is net oanspraaklik foar de presizens, folsleinens, soarte of jildigens fan ynformaasje dy´t ferkrige wurdt troch de wei fan de Tsjinst, noch foar produkten of tsjinsten dy´t fan in tredde levere binne – ek net as dy produkten of tsjinsten troch de wei fan de Tsjinst oantúgd binne.
    10. Jo gebrûk fan de Tsjinst yn ´e hoedanigens fan mobile ferbiningsoplossing sil ôfhingje fan de netwurkferbiningen fan tredden, itjinge bûten de befieming fan TC leit. De Tsjinst kin oeral beskikber wêze en kin ek allinnich beskikber wêze yn in beskate geografyske krite dy´t dekking hat troch de keppeling fan netwurken. Utwreide gebrûk fan de Tsjinst bûten jo registrearre nasjonale gebiet kin bleatstean oan oanfoljende beheiningen, ynklusyf throttling of fermindere oanwêzigens, of kin de deugdlikens of beskikberens fan de fan TC levere Tsjinst oantaaste.  
    11. Jo gebrûk fan de Tsjinst jout jo gjin rjochten wat de yntellektuele eigendomsrjochten fan TC oangiet, of de yntellektuele eigendom fan tredden dêr´t jo troch de wei fan de Tsjinst tagong ta hawwe.
    12. Jo binne út noch yn net berjochtige ta it kopiearjen, reprodusearjen, downloaden, ferstjoeren, útstjoeren, oerbringen, kommersjeel eksploitearjen, bewurkjen, wizigjen, nei it publyk ta kommunisearjen of distribuearjen fan (om yntellektuele eigendom beskerme) ynhâld dêr´t jo tagong ta hawwe troch de wei fan de Tsjinst, behalven as jo permisje krige hawwe fan dyjinge dy´t de yntellektuele rjochten hat fan dy ynhâld.
    13. It Protokol foar Privacy (beskikber op it folgjende adres: web link) leit út hoe´t TC persoanlike ynformaasje fan klanten fan de Tsjinst fergearret, brûkt en beskermet.
  3. JO FERPLICHTINGEN
    1. Jo geane dermei akkoart de Tsjinst net te brûken:
      1. yn striid mei it Protokol foar in Earlik Gebrûk fan TC;
      2. foar gjin inkeld yllegaal, ynkompatibel of ûnwettich doel en steane der boarch foar dat tredden soks ek net dogge;
      3. op sa´n wize dat de rjochten fan likefolle hokker tredde skeind wurde, it skeinen (mar net allinnich dat) fan yntellektuele eigendomsrjochten dêrby ynbegrepen. 
      4. foar it ferstjoeren, bewust ûntfangen, uploaden, downloaden of brûken fan iennich misledigjend, ûnfatsoenlik, beslanterjend, obseen, bedriigjend of misbrûk meitsjend materiaal; of
      5. op iennige wize de Tsjinst fersteurt, skansearret, opkeart of minder doelmjittich makket.
    2. Jo ferklearje dat jo:
      1. allinnich berjochtige binne ta it brûken fan de Tsjinst op betingst dat jo foldogge oan alle wetlike easken en gjin dingen dogge dy´t stridich binne mei de Betingsten of mei wetjouwing dy´t fan krêft is;
      2. de gegevens en ynformaasje ferkrige troch de wei fan gebrûk fan de Tsjinst net diele sille mei tredden foar kommersjele doelen, of har fierder bewurkje; 
      3. fan it identifikaasjenûmer fan de wein en it apparaat ôfstân dwaan sille yn it gefal jo it apparaat ferkeapje, om´t dit kontrakt net oerdraachber is (de Tsjinst giet net oer op in oar apparaat of oare brûker); en
      4. TC de ferliezen, skulden, kosten en útjeften fergoedzje sille, dy´t mooglik fuortkomme út in claim fan in tredde tsjin TC as gefolch fan jo direkt of yndirekt oertrêdzjen fan dizze Betingsten.
  4. PROTEKSJE FAN YNFORMAASJE
    1. De feiligens fan jo eigen gegevens is jo eigen ferantwurdlikens. TC rekommandearret oan dat jo adekwaat antyfirussêftguod ynstallearje op it apparaat dat jo brûke foar tagong ta de Tsjinst.
    2. Jo sille de Tsjinst op gjin inkelde manier sa brûke dat de feiligens fan TC of de feiligens fan oare brûkers/klanten fan de Tsjinst kompromittearre wurdt.
    3. Jo sille de tagong ta de Tsjinst net diele mei tredden. As jo dat al dogge, komme alle oertrêdingen fan de Betingsten troch tredden foar jo ferantwurding, en jo sille alle war dwaan en kom wat dat oanbelanget foar dat TC belij hat fan ferantwurdlikens, oanspraaklikens en claims.
  5. TERMYN EN FERLINGING
    1. De doer fan dizze oerienkomst giet fan ´e streek op de dei dat jo tsjinst aktivearre wurdt, en rint troch foar in perioade fan op syn minst tolve (12) moanne (de “Tsjinstferbyntenistermyn”). Jo betelje de Tsjinsten yn it foar oan it begjin fan ´e Tsjinstferbyntenistermyn.
    2. Jo kinne neffens seksje 5.3 hjirûnder dizze oerienkomst oan ´e ein fan elke Tsjinstferbyntenistermyn foar de doer fan nochris ien (1) jier ferlingje; op dat stuit begjinne jo dan mei in nije Tsjinstferbyntenistermyn.
    3. As jo tsjinsten net ferlinge wurde, kin jo tsjinst oan ´e ein fan ´e te rie wurden termyn beëinige wurde. Beëiniging kin it gebrûk belette fan alle tsjinsten dy´t ôfhinklik binne fan ferbining.
    4. As de tsjinsten moanliks levere wurde, hearre jo de tsjinst op syn minst tritich (30) dagen foar it begjin fan ´e folgjende Tsjinstferbyntenistermyn fan ien moanne skriftlik op te sizzen. At der yn jo Oerienkomst gjin Tsjinstferbyntenistermyn útienset is, is der sprake fan in moanlikse oerienkomst.
    5. As jo tsjinst net ferlinge wurdt, kinne Tsjinsten sûnder oankundiging ûnderbrutsen of stopset wurde.
  6. JURISDIKSJE EN TAPASLIKE WETJOUWING
    1. De oerienkomst tusken jo en TC, dizze Betingsten, en iennige skelen of foarderingen fuortkommende út of yn relaasje ta de oerienkomst tusken jo en TC en/of dizze Betingsten, sille falle ûnder en ynterpretearre wurde neffens de wetten fan Nederlân, mei útsluting fan it FN-ferdrach oangeande kontrakten foar de ynternasjonale ferkeap fan guod. As jo in konsumint binne, sil dizze kar fan wetjouwing allinnich tapaslik wêze foarsafier´t it jo gjin oerwâldzjende gesachhawwende wet en binende regeljouwing op it stik fan beskerming fan konsuminten ûntnimmet, dy´t yn it lân dêr´t jo ornaris ferbliuwe en wenje tapaslik binne op it stuit fan oangean fan de oerienkomst tusken jo en TC.  
    2. Alle skelen, foarderingen of rjochtsaken fuortkommende út of yn relaasje ta de oerienkomst tusken jo en TC en/of dizze Betingsten, allyksa bestean, oangean, jildigens, ynterpretaasje, prestaasje of beëiniging fan de oerienkomst tusken jo en TC en/of dizze Betingsten sille ûnderwurpen wurde oan it befoege rjochterlike gesach yn Nederlân, mei útsluting fan alle oare macht.
  7. OANSPRAAKLIKENS
    1. TC is net oanspraaklik foar iennige skea fuortkommende út de akkuratens en aktualiteit fan de data en ynformaasje útstjoerd fia de Tsjinst, noch foar skea resultearjende út ynakkuratens of ferâldere wêzen fan sokke data en ynformaasje, om´t TC net de ynhâld leveret. 
    2. TC is net oanspraaklik foar skea dy´t jo hawwe as gefolch fan gebrûk fan in apparaat dat net geskikt is foar gebrûk fan de Tsjinst.
    3. De oanspraaklikens fan TC neffens of yn relaasje ta de oerienkomst tusken jo en TC dy´t fuortkomt út iennige teory oer oanspraaklikens, bliuwt beheind ta it bedrach dat foar de Tsjinst betelle wurdt yn ien (1) jier, mei útsûndering fan de beheining troch oare seksjes ûnder dizze Betingsten en behalven as jo in konsumint binne. 
    4. Behalven as jo in konsumint binne, is TC net oanspraaklik foar feroaringen yn wurking, apparatuer of technology dy´t fan dy gefolgen binne dat de Tsjinst ferâldere rekket of modifikaasje ferget.
    5. Behalven as jo in konsumint binne, is TC net oanspraaklik foar iennige yndirekte, spesjale, bestraffende, ynsidintele, hommelse, ekonomyske of logyske ferliezen of skea dy´t jo of in tredde hawwe kinne troch gebrûk of net by steat wêzen ta gebrûk fan de Tsjinst, levere fan of troch TC, dêrby ynbegrepen, sûnder beheining, ferlies fan negoasje of goodwill of omset of profyt.
    6. Tsjinsten kinne ûnderbrutsen, opkeard of op oare wize beheind wurde troch withoefolle oarsaken dy´t bûten de befieming fan TC lizze, dêrby ynbegrepen ekologyske omstannichheden, net-beskikberens fan spektrum, ûnderbrekking fan de Tsjinst troch de ûnderlizzende leveransier fan TC, systeembelêsting, oermacht of stroomsteuring. TC is yn sokke gefallen net oanspraaklik.  Beskikberens fan en tagong ta it netwurk kinne beheind wêze. Tagong ta guon websteeën of tsjinsten fan tredden kin op jo lokaasje net-beskikber wêze.  
    7. Addisjoneel hurdguod, sêftguod, abonnemint, ynternettagong fan jo compatible pc en/of spesjale netwurkferbining kinne nedich wêze, en allinnich jo binne ferantwurdlik foar it besteuterjen of bemasterjen fan al soksoarte rêding. Guon oplossingen fergje bygelyks produkten en/of tsjinsten fan tredden, dy´t ûnderwurpen binne oan alle tapaslike betingsten en kondysjes fan tredden en mooglik in aparte oankeap by en/of oerienkomst mei dy tredde leveransier fereaskje. TC is net ferantwurdlik foar iennige gefolchskea op hokfoar wize ek feroarsake troch it hurdguod, sêftguod of oar guod/easken, sa as neamd yn dizze seksje, dy´t foar jo eigen rekken binne.
    8. De beheining fan oanspraaklikens sa as ôfpraat yn seksje 7.3, 7.4 en 7.5 is net fan tapassing yn gefal fan opset sin, slimme ferwaarleazging of yn gefal fan skansearjen fan libben, lea of sûnens. 
    9. Foarsafier´t it by wet tastien is, ferklearje jo by dizzen TC, mei ynbegryp fan stêf, direkteuren, wurknimmers en fertsjintwurdigers, iennige skea te fergoedzjen foar, en har frij te warjen of te ûntslaan fan alle (likefolle hokfoar) oanspraken fanwegen in (tredde) persoan of entiteit oangeande iennige skea dy´t fuortkomt út of yn direkte of yndirekte relaasje stiet ta de Tsjinst en it gebrûk dêrfan (ynklusyf, mar net beheind ta, autoskea en persoanlik letsel), as gefolch fan it skeinen troch jo fan dizze Betingsten en/of de betingsten en kondysjes dêr´t yn dizze Betingsten oan referearre wurdt (sa as, sûnder beheining, it Protokol foar in Earlik Gebrûk). Dizze ferplichting bliuwt bestean nei´t de oerienkomst tusken jo en TC beëinige is. 
  8. ALGEMIEN
    1. TC kin dizze Betingsten op alle stuiten feroarje. As jo derfoar kieze de wizige Betingsten net te akseptearjen, meie jo de Tsjinst net mear brûke. As jo trochgean mei it brûken fan de Tsjinst nei in feroaring fan ´e Betingsten, komt dat del op meistimming fan ´e feroaring en binne de wizige Betingsten automatysk fan tapassing op de Tsjinst en op jo fuortsette gebrûk fan de Tsjinst.
    2. Behalven as jo in konsumint binne, kin TC op alle stuiten de tagong ta de Tsjinst ferstelle, beheine of stopsette, sûnder yn it foar tynge te dwaan, nei eigen ynsjoch, ynklusyf foar systeemûnderhâld, ferbettering, ferstopping of steuring, of as TC fan betinken is dat de Tsjinst (alhiel of foar in part) brûkt wurdt foar in net-autorisearre of ûnfoech doel, of út redenen dy net yn relaasje stean ta jo of jo account by TC. As ferstel of stopsetten fan de Tsjinst om likefolle hokfoar reden syn beslach kriget, tjilde jo dat en geane jo dermei akkoart dat jo bygefal gjin tagong krije kinne ta iennich part fan of alle Tsjinsten, ynklusyf de needhelptsjinsten. 
    3. As TC út likefolle hokfoar reden jo tynge dwaan wol, sil TC soks dwaan troch de wei fan it e-mailadres dat jo TC trochdien hawwe by oanfraach fan de Tsjinst. As jo TC tynge dwaan of kontaktearje wolle oangeande dizze betingsten, dogge jo soks troch de wei fan in e-mail nei movecustomers@tatacommunications.com.
    4. As in rjochtbank of regulator ornearret dat in part fan dizze Betingsten net út te fieren of net-effektyf is, sil dat part út dizze Betingsten ferwidere wurde en de oare foarskriften sille fan tapassing bliuwe.
    5. De Tsjinst kin ûnderwurpen wêze oan in gebrûksmaksimum of oare beheiningen dy´t TC mei rjocht en reden oanbringe kin.
    6. As jo fragen hawwe oangeande de Tsjinst, nim dan foaral en beleaven kontakt op mei Jaguar Land Rover by: 

Jaguar Vehicles
Jaguar Nederlân
Stationsweg 8
4153 RD Beesd
00800 33 86 70 49
0031 20 714 39 88
crcnl@jaguarlandrover.com
fan moandei oant freed, fan 8 oant 20 oere

Land Rover Vehicles
Land Rover Nederlân
Stationsweg 8
4153 RD Beesd
00800 33 86 70 50
0031 20 714 39 89
crcnl@jaguarlandrover.com
fan moandei oant freed, fan 8 oant 20 oere